Talk:P24 Jan Aukes van der Meij
Siep: Nog even over jan Aukes, hij was 57 toen hij de bakkerij te koop aanbood, niet extreem jong voor die tijd. Hij is toen gaan wonen in de Buterhoeke, want in 1893, 2 jaar na z'n dood, bieden de erfgenamen het te koop aan. (email Mon 26/06/2017 00:52)
email d.d. Fri 21/07/2017 00:04 | vertaling |
---|---|
It eardere trijedelige hûs (no nûmere Bûterhoeke 52 bewenne troch Klaas Douwes van Dijk) mei de dêr efter steande timmerwerf yn de Bûterhoeke stie rjochts fan de grutte loads fan wat no "Agra-Totaal" hjiten dy't as eigner niisneamde Klaas Douwes van Dijk hat. Eader siet hjiryn de keunstdonghannel fan de N. N. K. (Noord Nederlandse Kunstmesthandel) De timmerhelling fan Jacob van Manen dêr bestiet allang net mear. Yn it lêstoan waarden der lânboumasines makke. Syn omkesizzer Bernardus Renzema hat de saak dêr fuortset, mar it bedriuw is letter nei de Bitgumerdyk ferhúze.
It haad fan de iepenbiere skoalle, master Groenewold, is nei syn penjonearring yn 1904, ferhúze fan it skoallehûs nei de Tichelersdyk 279 (letter fernûmere yn 340), it doe koart dêrfoar nijboude hûs (as hierder ?) neist de no ôfbrutsen timmerwurkpleats fan timmerman Auke Jans van der Meij. op nûmer 277 (letter fernûmere yn 338) op de hoeke fan de Tiche- lersdyk / Kleasterdyk. Dus oan de nûmering te sjen steande neistinoar. It hûs oan it Dok moat pas om 1920 hinne boud wêze, sa wurdt troch de gemeente Menameradiel oanjûn ha ik lêzen. Ik ha al in ynsjoch op de van der Meij sibbe trochkrigen fan Tjalco van der Meij. Hy hat ferline jier by my west. Mar ik moat wat rêsticher oandwaan want myn gesichtsfermogen wurdt der net better op. It spant my hieltiten swierder yn om alles en foaral it dizige skrift te lêzen. Dus goed oanbean. fr. gr. Watse H. Posthumus. |
2 |
email d.d. | vertaling |
---|---|
1 | 2 |
email d.d. | vertaling |
---|---|
1 | 2 |
email d.d. | vertaling |
---|---|
1 | 2 |